Savage Opress
Savage Opress personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Zabrak | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Sith-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Maul Darth Sidious Asajj Ventress Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2011 |
Savage Opress (útspr.: [sɑˈvaːʒ oˈprɛs], likernôch: "sa-vaazj o-pres") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Zabrak fan Dathomir en de jongere broer fan Darth Maul, waans Sith-learling er wurdt. Savage Opress waard yntrodusearre yn 'e ôflevering Monster, út 2011, fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, wêryn't syn dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Clancy Brown.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Savage Opress is in Zabrak fan 'e planeet Dathomir, dy't as brûker fan 'e tsjustere kant fan de Krêft ta de saneamde Nachtbruorren heart. Hy is de soan fan 'e machtige Nachtsuster Mem Talzin en de jongere broer fan Darth Maul, dy't as lyts bern ûntfierd is troch de Sith-master Darth Sidious om as learling op te lieden. Savage is in haadman en kriichshear op Dathomir as er nei in tal skriklike beproevings troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in oare Zabrak fan Dathomir, útkard wurdt as har minner en tsjinner. It is har doel om him as helper te brûken by har plan om wraak te nimmen op har eardere Jedi-master, greve Dooku, dy't no in Sith-ridder wurden is.
Mem Talzin en de oare Nachtsusters brûke harren fermogens ta manipulaasje fan 'e Krêft om Savage fan lichem en geast te feroarjen yn in agressivere persoanlikheid mei in sterke, rouwe konneksje mei de Krêft en in oerhearskjende fysike macht. Om syn trou oan Ventress te bewizen, jout se him opdracht syn jongere broer Feral te fermoardzjen, wat er sûnder berou docht. Neitiid nimt se Savage mei om yn 'e Kloane-oarloggen te fjochtsjen oan 'e kant fan 'e troch greve Dooku oprjochte Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, wylst se wachtet op 'e kâns om mei Dooku ôf te weven.
Lang om let beseft Savage lykwols dat Ventress him inkeld brûkt foar har eigen doelen en dat se syn libben sûnder in momint te wifkjen, opofferje sil as dat har goed útkomt. Wannear't Ventress úteinlik besiket en lit Dooku yn har fâle rinne, ferriedt Savage harren beiden en keart er werom nei Dathomir. Dêr stjoert Mem Talzin him út om syn broer Darth Maul te sykjen, dy't Savage troch it gebrûk fan 'e Talisman fan it Finen opspoart op 'e dwingerplaneet Lotho Minor. Maul hat dêr mear as tsien jier yn pine en isolemint trochbrocht, en is yn dy tiid sljochtsinnich wurden. Savage bringt him nei Dathomir, dêr't Mem Talzin syn geast genêst en syn missende ûnderlichem ferfangt troch protezes.
Maul set útein mei in syktocht nei wraak tsjin 'e Jedi Obi-Wan Kenobi, dy't him yn 'e Slach om Naboo mei de ljochtsabel midstwa slein hat (sjoch: Star Wars: Episode I – The Phantom Menace). Savage giet mei him en wurdt syn learling. Op harren paad troch it Stjerrestelsel litte de beide bruorren in spoar fan dea en ferdjer efter harren. By in gefjocht op Florrum slacht Obi-Wan Kenobi Savage in earm ôf nei't er de Jedi-ridder Adi Gallia deade hat. Letter ferbine de bruorren har mei Pre Vizsla en syn Deadewacht yn 'e boargeroarloch dy't op Mandalore woedet. Maul hat ûnderwilens it Kollektyf fan 'e Skaden oprjochte, in ynfloedryk misdiesyndikaat, en hy brûkt dat om Mandalore te feroverjen. Dêrby fermoardet er de hearskeresse fan 'e wrâld, hartoginne Satine Kryze, dy't de minneresse fan Obi-Wan is.
Mei harren nije macht lûke de bruorren lykwols de oandacht fan Darth Sidious, dy't Darth Maul as in gefaarlike rivaal begjint te sjen. Sidious komt harren oer it mad, en yn in gefjocht mei de ljochtsabel bringt er Savage in deadlike ferwûning ta. Wannear't dyselde yn it stjerren leit, ferlit de magy fan 'e Nachtsusters him en feroarje syn lichem en geast werom nei harren oarspronklike steat. Savage ûntskuldiget him foar Maul oer en bekent dat er winliken nea lykas him west hat. Dêrnei stjert er yn 'e earms fan syn broer.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |